"Ljouwert de op-ien-nei meast romantyske stêd fan it lân"

14 feb 2016 - 13:44

Nei it Siuwske Terneuzen is Ljouwert de meast romantyske gemeente fan Nederlân. Ien en oar docht bliken út de Valentijnspeiling ûnder 1150 Fleurop blommisten. Neffens dat ûndersyk binne snein yn Terneuzen relatyf de measte anonime Valentijnsboeketten besoarge. Yn Ljouwert binne 70 boskjes blommen anonym by in 'geheime leafde' besoarge.

Drinte is neffens itselde ûndersyk de meast romantyske provinsje en Súd-Hollân de minst romantyske. Almelo komt út it ûndersyk as de 'minst romantyske stêd' fan it lân.

De roas is ek dit jier de blom dy't it faakst yn it Valentijnsboeket sit, read is de meast populêre kleur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)