Taksysjauffeur krijt klappen yn Wolvegea

14 feb 2016 - 10:54

In taksysjauffeur út Wolvegea hat sneontenacht klappen krigen fan trije minsken. Hy ried yn Wolvegea oer de Van Harenstrjitte en remme foar oerstekkende fuotgongers. De minsken, twa manlju en in frou, bleaune foar de auto stean. De sjauffeur stapte út en spruts harren oan. Der ûntstie spul en de man waard skopt en slein. In foarbygonger kaam tuskenbeide. Doe naaiden de minsken út.

De plysje siket tsjûgen fan de mishanneling en freget de fuotgonger dy't yngriep om kontakt op te nimmen.

Trefwurden: 
taksy mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)