Hegeskoallen moatte hurder oan studinten lûke

Hegeskoallen hawwe it dreech. It tal earstejiers studinten rint werom. Der is noch net in direkt ferbân tusken it nije lienstelsel en it weromrinnend tal studinten, mar hegeskoallen sizze dat it wol in rol spilet. Troch it nije lienstelsel kostet it studinten folle mear jild om in oplieding te folgjen. De kar foar de goede oplieding wurdt sadwaande hieltyd wichtiger. En dat betsjut dat hegeskoallen hieltyd mear oan foarljochting oer stúdzjes dogge.
Sneon wiene de iepen dagen by de NHL, Stenden en Van Hall Larenstein.