ONS yn ekstra tiid ûnderút by Rijnsburgse Boys

In soer ferlies foar ONS Boso Snits, dat sneon yn de ekstra tiid mei 4-3 ferlear by Rijnsburgse Boys. Yn Rijnsburg naam de thúsploech fan begjin ôf oan de lieding. By rêst stie der in 3-0 foarsprong foar de Boys op it boerd. Fuort nei rêst skoarde Yumé Ramos de 3-1, wêrnei't Danny Kampstra de spanning werom brocht mei de 3-2. Rap dêrnei krige Curty Gonzales it meireizge Snitser publyk op de banken mei de lykmakker.
Yn ekstra tiid krige de ploech fan trainer Richard Karrenbelt it lid op de noas, doe't de thúsploech in strafskop fersulvere.
Troch it ferlies bliuwe de Snitsers stean op 18 punten út 20 wedstriden.