Wrâldbeker: Suzanne Schulting pakt brûns op 1500 meter

13 feb 2016 - 16:24

Suzanne Schulting fan De Tynje soarge sneon foar it earste Nederlânske súkses op de wrâldbekerfinale shorttrack yn Dordrecht. Schulting (18) ried yn de finale fan de 1.500 meter nei it tredde plak.

Schulting moast it yn de einstriid opnimme tsjin twa Kanadeeske shorttracksters, twa Sinezen en in Japanse. De junioarewrâldkampioene op de 1.500 meter naam gelyk it inisjatyf, mar miste de krêft om foar te bliuwen. Tsjin de fersnelling fan de Kanadese Marianne St-Gelais koe Schulting flak foar de einstreek net op.

It sulver wie foar de Sinese Yihan Guo. De Koreaanse Minjeong Choi hie de einoerwinning yn it wrâldbekerklassemint op de 1.500 meter al foar de finale yn Dordrecht feilich steld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)