Lutz Jacobi neamt útspraken Monasch oer Samsom 'net tûk'

13 feb 2016 - 12:22

Twadde Keamerlid Lutz Jacobi neamt de útspraken fan har partijgenoat Jacques Monasch oer partijlieder Diederik Samsom 'net tûk'. Neffens keamerlid Monasch is Samsom net de geskikte man om listlûker fan de PvdA by de kommende ferkiezings te wurden. Neffens Jacobi soargje útspraken as dy fan Monasch foar mear ferdieldheid yn de partij. De 70-jierrige sosjaaldemokraten, dy't sneon kongres hâlde yn Amersfoort, hawwe dêr op dit stuit gjin ferlet fan.

Neffens Jacobi is it foaral fan belang om mear minsken by de polityk te belûken.

Jacobi fynt it tige wichtich dat politisy tichtby de minsken steane. Foar de lêste Twadde Keamerferkiezings wie Jacobi sels ien fan de kandidaat-listlûkers. Jacobi slút net út dat se harsels op nij kandidaat stelt. Foar it fernijen en it ferbetterjen fan de demokrasy hat Jacobi in skoftke lyn mei oaren in fiifpunteplan lansearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)