Trije telefyzjemakkers oanholden foar brânstichting

13 feb 2016 - 09:47

De plysje fan Ljouwert hat freedtemiddei trije minsken oanholden foar brânstichting. Oan de Snekertrekweg is in caravan folslein útbrând, en in auto rekke swier skansearre.

De trije manlju wiene dwaande mei opnamen foar in TV-programma, en nei eigen sizzen rûn dat wat út de hân. De brânwacht besiket de kosten fan de ynset te ferheljen op de programmamakkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)