Striidber Cambuur ferliest thús fan FC Utrecht

12 feb 2016 - 21:53

SC Cambuur is der freedtejûn yn de thúswedstriid tsjin FC Utrecht net yn slagge de earste winst fan it jier te pakken. De Ljouwerters ferlearen yn in spannende wedstriid mei 2-0. Yn de earste helte yn it Cambuur stadion waard troch beide ploegen hurd striden om de iepeningstreffer, mar dy foel net. Pas yn 'e 79ste minút scoarde FC Utrecht fia Van der Maarel it earste doelpunt fan de wedstriid.

De Ljouwerters besochten mei in dûbele wiksel yn de lêste minuten noch op likense hichte te kommen, mar moasten úteinlik noch in goal (Haller) ynkassearje en de winst oan Utrecht litte. Nije wike sneon spilet Cambuur yn Enschede tsjin FC Twente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)