Brânwacht yn aksje by skoarstienbrân yn Wolvegea

12 feb 2016 - 20:49

De brânwachten fan Wolvegea en It Hearrenfean hawwe freedtejûn yngrepen by in skoarstienbrân yn Wolvegea. De brân yn in wenning oan de Riedhûsstrjitte ûntstie nei alle gedachten yn 'e kachel. Om by it fjoer komme te kinnen, waard de skoarstien diels sloopt.

De strjitte wie ûnder it bluswurk ôfsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)