Ried Ferwerderadiel: ''Behâld bûtendyks lân foar boeren''

12 feb 2016 - 17:34

It kolleezje fan b. en w. fan Ferwerderadiel moat binnen fjouwer wike mei in goed ûnderboud plan komme, om it bûtendyks lân te behâlden foar de boeren. Dy opdracht hat de gemeenteried fan Ferwerderadiel dizze wike ôfjûn. Op it stuit is sa'n tsien persint fan it bûtendyks lân yn eigendom fan boeren. De rest is al natuergrûn. Mar de ried hat koartlyn min as mear per ûngelok in nije behearsferoardening oannaam, mei as konsekwinsjes ekstra beheiningen foar de grûn dy't no noch yn hannen is fan de boeren.

Binne Reitsma fan Blije is foarsitter fan boere-organisaasje LTO Noard yn Ferwerderadiel en Ljouwerteradiel, mar ek sels ien fan de boeren mei bûtendyks lân. Bedoeld foar syn twadde tûke: it hâlden fan sa'n 200 skiep. Mar hy en in tsiental oare boeren meitsje har grutte soargen. Neffens him is de tendins foar it bûtendyks lân: hieltyd mear romte foar de natuer en hieltyd minder romte foar de boeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)