Ter Mors wint goud op 1000, Heather Bergsma pakt sulver

12 feb 2016 - 16:01

Jorien ter Mors is de nije wrâldkampioene op de 1000 meter. De ynwenster fan It Hearrenfean ried yn rit sân yn Kolomna 1.14.73. De konkurrinsje út Amearika en Fryslân moast doe noch komme. Heather Richardson-Bergsma kaam yn 'e buert mei 1.14.94, goed foar it sulver. Brittany Bowe en Marrit Leenstra bieten har beide stikken op de tiid fan Ter Mors. Bowe waard tredde yn 1.15.01. Marrit Leenstra teloarstellend sânde yn 1.15.77. Ireen Wüst waard sechsde yn 1.15.71.

Denis Yuskov wûn mei oermacht de 1500 meter. De Rus is no foar de tredde kear op rige de bêste. De winnende tiid 1.44.13. Kjeld Nuis waard twadde yn 1.45.66, Thomas Krol tredde yn 1.45.75.

Trefwurden: 
reedriden WK ôfstannen Kolomna
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)