Frachtwein en auto botse by rotonde De Jouwer

12 feb 2016 - 15:22
Foto: De Vries Media

Op de rotonde by De Jouwer binne freedtemiddei om tolve oere hinne in auto en in frachtwein opinoar botst. Hoe't dat barre koe, is noch net dúdlik. Der rekke net ien ferwûne.

De auto rekke troch de klap swier skansearre. De frachtwein hie wat lichte skea.

Trefwurden: 
De Jouwer botsing frachtwein
(advertinsje)
(advertinsje)