Deade frou fûn yn Boalserter Feart yn Harns
Yn it wetter fan de Boalserter Feart yn Harns is freedtemoarn it lichem fan in frou fûn. In foarbygonger seach it lichem om njoggen oere hinne en warskôge fuortendalik de plysje. Dy hat in ûndersyk ynsteld.
It is noch net dúdlik wa't de frou is en hoe't se om it libben kaam is.