PvdA: Omwenners hawwe rjocht op ynfo oer Drachtsterbrêge

Omwenners hawwe rjocht op dúdlikheid oer de problemen dy't der binne mei de Drachtsterbrêge. Dat fynt de steatefraksje fan de PvdA. De Drachtsterbrêge is fersakke, der is sprake fan technyske problemen en der is in konflikt mei oannimmer Heijmans. Neffens de PvdA krije de bewenners fan de wyk Aldlân yntusken amper ynformaasje.
De partij wol dat der sa gau mooglik iepenheid fan saken komt. It is foar de PvdA ûnakseptabel dat deputearre Sietske Poepjes neat sizze wol oer de omfang en de aard fan de problemen.
Tafersjoch
De partij wol witte hoe't de provinsje tafersjoch hâldt op de wurksumheden en freget him ôf oft deputearre steaten wol wat leard hawwe fan de problemen by de oanlis fan de akwadukten by de heak om Ljouwert.