Goud Sábliková, Wüst sulver en De Jong brûns op 3000 meter

11 feb 2016 - 18:05

Martina Sábliková hat mei minimaal ferskil de 3000 meter wûn op it WK ôfstannen yn Kolomna. Mei 4.03.05 wie de Tsjechise foar de fjirde kear de bêste. Ireen Wüst waard twadde op mar acht hûndertste fan de winner (4.03.13). Antoinette de Jong waard kreas tredde yn 4.04.25. Marije Joling einige as fiifde yn 4.06.62.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)