Deputearre Steaten: 127 miljoen foar wynpark Iselmar

Deputearre steaten fan Fryslân wolle 127 miljoen euro ynvestearje yn it takomstige Wynpark Fryslân dat yn de Iselmar komme moat. De provinsje wol dat yn 2025 in kwart fan de enerzjy dy't we nedich binne duorsum opwekt wurdt. It wynmûnepark soe dêr foar in grut part foar soargje.
Yn ruil foar de ynvestearring wol de provinsje sizzenskip yn de plannen krije. De mûnen moatte boppedat genôch rendemint opleverje. Dy opbringsten wol de provinsje foar in part beskikber stelle foar doarpen mei duorsume plannen.
Dêrneist wol de provinsje jild stekke yn de toeriste-ekonomy yn gebieten dy't lêst hawwe fan de komst fan de wynmûnen. Mocht de provinsje derút komme mei de partikuliere ynvestearders fan it park, dan is dat de grutste publyk-private gearwurking yn Nederlân op it mêd fan duorsume enerzjy.