Gemeente wol twa miljoen yn Ofslútdyk ynvestearje

De gemeente Súdwest-Fryslân wol twa miljoen yn de Ofslútdyk ynvestearje. De gemeente docht dat om't dat gau in soad nije wurkgelegenheid opsmyt. It giet dan om op syn minst 500 banen struktureel, sa hat in ûndersyksburo berekkene. It jild moat gean nei ferbreding fan de slûs, de oanpak fan de brêge, in nij fytspaad en in belibbingssintrum op de dyk.
De Ofslútdyk giet de kommende jierren folslein oer de kop. De dyk moat fersterke wurde en de spuislûzen oanpast. Der komt ek in nij fytspaad.
De Ofslútdyk is in ryksdyk. Dat de gemeente dêr dochs jild ynstekke wol, jout neffens wethâlder Offinga oan dat it belang foar de wurkgelegenheid grut is. Dat jildt net allinnich foar Fryslân, seit Offinga. It wurkgelegenheidseffekt jildt foar hiel Noard Nederlân en alle provinsjes en gemeenten dy't in ferbining hawwe mei de Iselmar.