Sven Kramer wrâldkampioen 10 km yn Kolomna

Sven Kramer is foar de fjirde kear yn syn karriêre wrâldkampioen op de 10 kilometer wurden. Yn it Russyske Kolomna by it WK ôfstannen ried Kramer yn de lêste rit nei de winnende tiid: 12.56.77. Earder wie Kramer de bêste yn 2007, 2008 en 2009. Ted-Jan Bloemen, de Nederlânske-Kanadees en hâlder fan it wrâldrekôr, helle mei 12.59.69 it sulver. Erik Jan Kooiman pakte mei 13.02.15 it brûns.
Olympysk kampioen Jorrit Bergsma, de winner fan de lêste twa edysjes, hie him net kwalifisearre foar 'syn' ôfstân.