FrieslandCampina heft restriksjes foar levering molke wer op

11 feb 2016 - 14:22

Boeren meie fan tongersdei ôf wer safolle molke leverje oan FrieslandCampina as se wolle. Per 1 jannewaris hie it suvelbedriuw in ekstra fergoeding (fan 2 euro per 100 liter molke) ynsteld foar boeren dy't de oanfier gelyk hâlden of minder oanleveren. FrieslandCampina die dat om't it omkaam yn de molke en de ferwurking derfan net mear oankoe.

Oan de maatregel wurke sa'n 60 prosint fan de boeren mei. Sy krigen mei elkoar goed 14 miljoen euro oan fergoedingen. It suvelbedriuw hat yntusken wer genôch kapasiteit om alle molke te ferwurkjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)