GrienLinks wol 'grûnbank' oprjochtsje foar 4 grutte kearnen

Der moat in ûndersyk komme nei de mooglikheden om de eksploitaasje fan bedriuweterreinen yn de fjouwer grutte kearnen yn Fryslân yn ien mienskiplike Fryske grûnbank ûnder te bringen. It giet om Ljouwert, Drachten, It Hearrenfean en Snits. Dat wol de steatefraksje fan GrienLinks.
Neffens fraksjefoarsitter Retze van der Honing bekonkurrearje gemeenten elkoar by it oanlûken fan bedriuwen. Neffens him kin der better gearwurke wurde. Neffens Van der Honing hawwe bedriuwen hjir sels ek ferlet fan.
GrienLinks wol dat de provinsje it inisjatyf nimt foar in ûndersyk nei de mooglikheden fan in mienskiplike grûnbank. Yn de steatefergadering fan 24 febrewaris tsjinnet de partij in foarstel hjirfoar yn.