Hearrenfean wol wykmerk oars opsette en hâldt enkête

Der komt in ûndersyk nei de mooglikheden om de wykmerk op It Hearrenfean te fernijen. Dêrfoar krije besikers fan de merk no sneon en oare wike sneon in fragelist oer wat der oars kin en hoe dan. Under de namme 'De Markt van Morgen' is de gemeente begûn mei it fernijingstrajekt.
Dêrby wurdt net allinnich sjoen nei it oanbod, mar bygelyks ek nei in oare wize fan it organisearjen fan de wykmerk. Mei de enkête ûnder de besikers wol Hearrenfean útfine wat it keapgedrach is en hoe't minsken de merk wurdearje.
Ek op de facebookside fan de gemeente kinne minsken harren miening jaan. Fan alle reaksjes en de miening fan de ûndernimmers wurdt in ûndernimmingsplan makke. It is de bedoeling dat de gemeenteried foar de simmer in beslút nimt oer de takomst fan de wykmerk op It Hearrenfean.