SC Cambuur set de knop om

© Omrop Fryslân
SC Cambuur moat de knop omsette. Alles moat rjochte wurde op in goed resultaat freed yn de thúswedstriid tsjin FC Utrecht. Sipke Hulshoff, Arne Slot en Jan Bruin moatte der foar soargje dat alle noazen freed deselde kant op stean. Nei it ôfskie fan Henk de Jong tiisdei is der it besef dat in goeie wedstriid freed wer in positive ynfloed hawwe kin op de klup. Hulshoff woe gjin opstelling bekend meitsje. It wurdt allegear wat oars, mar mear woe hy net sizze. Martijn Barto spilet in de basis, lykas Leonard Nienhuis.
Oare nammen woe de ynterim trainer fan Cambuur net bekend meitsje: "De spilers witte de opstelling noch net, dan soe it raar wêze as ik dy wol oan jim fertel" sa sei Hulshoff nei de lêste training tongersdei. Op dy training wie in protte media ôfkommen. Neist de "normale" Fryske media wienen ek Fox Sports, de NOS en De Telegraaf by de lêste training.