Soarchsintrum Het Bildt lit ekobus meitsje foar hiele regio

Learlingen fan ROC Friese Poort meitsje tegearre mei Frisian Motors yn Bakkefean in elektryske bus foar soarchsintrum Het Bildt út Sint-Anne. It miljeufreonlike buske moat plak biede oan maksimaal acht passazjiers.
Foarearst is de bus allinne bedoeld foar âlderein yn 'e gemeente, mar mooglik dat letter ek bygelyks minsken mei in beheining of bern der gebrûk fan meitsje kinne. De bus is neffens soarchsintrum Het Bildt in wichtich middel om de leefberens yn de regio op peil te hâlden.
De bus kin sa'n 80 oant 100 kilometer ride, foar't der wer oplaat wurde moat. It soarchsintrum hopet genôch frijwilligers byinoar te krijen dy't ride kinne yn it buske. Yn septimber moatte de earste kilometers makke wurde yn It Bilt.