Marrit Leenstra fêst yn Russyske lift: "Spannend en saai"

10 feb 2016 - 21:56

Reedrydster Marrit Leenstra hat woansdeitejûn in skoftke allinnich fêstsitten yn in lift yn it Russyske Kolomna. De 26-jierrige Friezinne stjoerde fia Instagram in foto de wrâld yn wylst se yn de lift siet, mei de tekst dat se it sawol spannend as saai fûn. Se hat in healoere fêstsitten.

Leenstra is yn Kolomna foar de WK ôfstannen, dy't tongersdei begjinne. Se rydt de 1000 meter, de 1500 meter en de ploege-efterfolging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)