Lutz Jacobi stimt tsjin útwreiding militêre missy yn Syrië

PvdA-keamerlid Lutz Jacobi
PvdA-keamerlid Lutz Jacobi hat woansdei tsjin útwreiding stimd fan de militêre striid tsjin IS yn Syrië. Jacobi fynt dat der net mear bombardearre wurde moat yn Syrië. "Mear geweld is gjin oplossing foar de problemen yn Syrië", sa seit Jacobi. "Der moat krekt mear humanitêre help komme yn dat gebiet."
Ek moat der neffens it keamerlid better folge wurde wat de effekten binne fan de militêre missy yn Syrië. De útwreiding fan de missy krige, lykas ferwachte, stipe fan in romme mearderheid yn de Keamer.