Harns wol ekstra oandielhâldersgearkomste fan Omrin oer REC

De gemeente Harns wol in ekstra oandielhâldersgearkomste fan Omrin oer de REC. It Harnzer kolleezje is "hoogst verontrust" oer de situaasje mei de ôffaloven yn de stêd en binne al dwaande mei in pakket maatregels. It kolleezje is yn yntinsyf oerlis mei de begeliedingsgroep en mei de GGD en húsdokters yn Harns.
De oandielhâldersgearkomste stie pland foar 22 april, mar de gemeente wol dat de partijen earder byelkoar komme. Wannear't dat barre sil, is noch net bekend.