Mear pasjinten op intensive care troch grypepidemy

10 feb 2016 - 17:29

Troch de grypepidemy dit jier binne der oan no ta 19 minsken opnaam op de intensive care yn de Fryske sikehuzen. Dit is hast fjouwer kear safolle as ferline jier, want doe wiene der fiif gefallen. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Omrop Fryslân telefyzjeprogramma Bynt.

De measte gefallen binne yn it MCL. Dêr ha dit jier oant no ta 12 minsken op de intensive care lein mei grypferskynsels. De sikehuzen sizze dat dizze gryp slimmer is en langer duorret as oare jierren.

Sifers 2016 2015
MCL 12 2
Nij Smellinghe 4 0
Antonius 3 3
Tjongerskâns 0 0
Totaal 19 5

As je krekt wer better binne fan de gryp en it komt dêrnei fuortendaliks wer werom, moatte minsken harren melde by harren húsdokter. Dat seit de Boalserter húsdokter Pepy Huisman. Ferskynsels fan de gryp fan no binne pine yn 'e holle, koarts, ferkâldenheid en spierpine.

Net allinnich âlderein en bern binne in risikogroep, ek minsken mei in goeie wjerstân kinne mei dizze gryp yn it sikehûs belâne. Dochs bliuwt it neffens Huisman wichtich om sûn te iten en betiid op bêd te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)