Jiskewoansdei 2016: Katoliken fêstje op eigentiidske wize
Foar guon katoliken is woansdei de fêsteltiid wer begûn. Fjirtich dagen lang, fan Jiskewoansdei oant Peaske, wurdt der fêste. Al bart it lang net mear sa faak as eartiids, dochs binne der noch in hiel soad minsken dy't meidogge, sa seit pastoar Marco Conijn út Dronryp.
Allinnich wurdt der tsjintwurdich op in mear moderne wize omtinken jûn oan dizze tiid fan ''besinning''. Sa binne der neffens de pastoar minsken dy't minder ite en drinke wolle yn dizze tiid, mar bygelyks ek dy't minder smoke of gamen wolle op de kompjûter.
Sa wol Henk van Krugten út Warkum fjirtich dagen lang gjin alkohol mear drinke. ''Ik dronk altijd twee of drie borrels op een avond, dat is dus in het begin best wel moeilijk. Maar bij het stoppen met roken is het gelukt en dit zal ik ook proberen", sa seit Van Krugten.