'Huzum wer sichtber meitsje'

20 apr 2012 - 14:38

It liket CDA-gemeenteriedslid Harry van der Molen de muoite wurdich om it eardere doarp Huzum wer better sichtber te meitsjen. Van der Molen reagearret mei dy útspraak op it berjocht dat Huzum heech op de list fan 'bedrige plaknammen' stiet.

Huzum wie foar de oarloch it haadplak fan de gemeente Ljouwerteradiel mei in eigen gemeentehûs oan de Skrâns en stie op alle kaarten. Huzum is hjoeddedei in grutte wyk fan Ljouwert, mar in soad ynwenners fiele harren noch altiten 'Huzumer' en net 'Ljouwerter'.

Van der Molen wennet yn Huzum-Doarp, it âldste stik fan Huzum. Hy fynt dat de gemeente wol wat mear oandacht hawwe kin foar monuminten bûten de binnenstêd. Hy fynt it de muoite wurdich om te ûndersykjen oft je ek yn it strjitbyld de kontouren fan it eardere Huzum toane kinne. It op 'e nij ynrjochtsjen fan de Tynjedyk, no de tagongsdyk fan Huzum-Doarp, soe in gaadlik momint dêrfoar wêze kinne. Yn it eardere gemeentehûs fan Ljouwerteradiel sit al in skoft it Frysk skildershûs fan keunstner Doet Boersma. Op de gevel is net oanjûn dat it gebou earder gemeentehûs fan Ljouwerteradiel wie, mar Boersma soe dat wol in aardich idee fine.

Der binne noch folle mear útbuorrens yn Fryslân dy't de namme driigje kwyt te reitsjen, bygelyks Roptasyl by Ljouwert en It Heechsân by Sumar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)