Hôf wol mear dúdlikheid yn saak oer hûn Argos

Stille tocht foar hûn Argos, eigenaresse Maria Bons rint foarop (rjochts fan de persoan mei de urn) © Omrop Fryslân
Yn de heger beropssaak oer de hûn Argos komt neier ûndersyk. Dat hat it gerjochtshôf fan Ljouwert besletten, op fersyk fan advokaat Tjalling van der Goot. Yn dizze saak wurdt in 55-jierrige Ljouwerter derfan fertocht dat hy yn desimber 2013 de hûn Argos deastutsen hat. Hy seit dat er dat die om syn eigen hûn te beskermjen tsjin Argos. Neffens it hôf binne de feiten net dúdlik en moatte de tsjûgen nochris heard wurde.
De saak soarge foar in soad opskuor. Nei de dea fan Argos waard der in stille tocht organisearre foar de hûn.
De fertochte krige yn maart 2014 in wurkstraf fan 100 oeren foar iepenlike geweldpleging, mar is dêr dus tsjin yn berop gien. It is noch net dúdlik wannear't de saak ynhâldlik behannele wurde sil.