COC Fryslân siket maatsjes foar asylsikersprojekt

Der moatte ekstra maatregels komme yn de needopfanglokaasjes foar lesbyske, homoseksuele, biseksuele en transgender (LHBT) asylsikers. Dat fynt homo-organisaasje COC Nederlân. Dizze asylsikers kleie nammentlik oer diskriminaasje troch de asylsikers ûnderling.
COC Fryslân hopet dat der gau mear frijwilligers komme dy't in maatsje wurde wolle fan in asylsiker. It doel fan dit maatsjesprojekt fan COC, Cocktail, is it yn kontakt bringen fan LHBT-asylsikers mei Nederlânske LHBT's.
Sa kinne sy yn 'e kunde komme mei hoe't it is om homo of lesbienne te wêzen yn Fryslân en yn Nederlân. It maatsjesprojekt rint al sûnt juny, mar noch hieltyd binne der te min frijwilligers om de asylsikers te stypjen.