Grut alarm by GGZ Frjentsjer: matras yn de brân

10 feb 2016 - 13:44

De brânwacht is oan it begjin fan de woansdeitemiddei manmachtich útriden fanwegen in brânmelding by GGZ-ynstelling Grut Lankum yn Frjentsjer. Meardere korpsen út Frjentsjer en Harns waarden nei de opfang stjoerd.

Uteinlik die bliken dat de grutte ynset om 'e nocht wie: troch ûnbekende oarsaak wie der in matras of bêd yn 'e brân rekke. Dêrby kaam flink wat reek frij. De brânwacht hat it fjoer útmakke. Der waard grut ynset omdat der by de GGZ in soad minsken by elkoar binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)