Hûnderten saakkundigen prate oer wetter yn Ljouwert

Yn Ljouwert binne dizze dagen in pear hûndert saakkundigen te gast op in troch de Europeeske Uny organisearre wetterkonferinsje. Tiisdei hawwe de dielnimmers op besite west by projekten fan bedriuwen dy't har dwaande hâlde mei saken as wettersuvering en nije mooglikheden mei wetter.
Woansdei wurdt yn skouboarch De Harmonie neitocht oer hoe't wetter-ynstituten mear en better gearwurkje kinne. Direkteur Cees Buisman fan it Ljouwerter Wetsus-ynsititút is bliid dat it Europeeske kongres no foar it earst yn Ljouwert hâlden wurdt.
De twa eardere edysjes fan dit kongres wienen yn Barcelona en Brussel.