Transportsektor sit yn de lift, fral ferhúsbedriuwen groeie

It giet better mei de transportsektor yn Fryslân. Dat docht bliken út ûndersyk fan brânsjorganisaasje Transport en Logistiek Nederland (TLN). Wol bliuwe de lege prizen in soarch foar de ûndernimmers.
Dochs binne in soad ûndernimmers neffens de organisaasje posityf oer de omset dy't sy helje. De ferwachting is dat 2016 ek in goed jier wurdt. Benammen de ferhúsbedriuwen en de ûndernimmers yn it blommetransport profitearje fan de oanlûkende ekonomy.
TLN wol de kommende jierren noch mear ynsette op duorsume frachtweinen en ynspylje op it ynternet sadat de ûndernimmers noch mear opdrachten binnen helje kinne.
Bettere wenningmerk
Gideon Korsten fan Mondial Movers Friesland Verhuizers hat dizze moanne al in soad mear opdrachten krigen as ôfrûne jier yn dizze tiid. ''Dat komt om't it in stik better giet mei de wenningmerk. Minsken duorje harren huzen te ferkeapjen en hawwe dan faak opslach nedich. Wy sitte op it stuit hielendal fol mei soksoarte opdrachten."