Rjochtbank ferklearret rekreaasjepark Swartkrús fallyt

10 feb 2016 - 11:24

It bedriuw achter it rekreaasjepark Swartkrús by Noardburgum is fallyt ferklearre. Eigener Wietze Postma hie plannen foar útwreiding fan it wetterpark, mar hie de lêste jierren in skeel mei de Rabobank. It is net dúdlik oft de bank no it fallisemint fan behearsmaatskippij De Swemmer BV oanfrege hat.

Neffens Postma hat hy by de rjochtbank dúdlik oanjûn dat de klaims fan in grut oantal skuldeaskers net terjochte binne. Hy wol dan ek yn berop tsjin it fallisemint.

Op it rekreaasjepark wurde in goeie 40 fakansjewenten ferhierd en der is ek in jachthaven. Hogenboom Vakantieparken docht it behear fan de rekreaasjewenningen. De ferhier fan de fakânsjehúskes liket gewoan trochgean te kinnen.

De gemeente Tytsjerksteradiel hat fan it rekreaasjepark noch in ûnbekend bedrach oan belestingen tegoede. De foardering dêrfoar leit by de kurator, seit in wurdfierder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)