"Moai om Amerikaanske ferkiezings sa tichtby te folgjen"

It 'mienskipsgefoel' is ek yn Amearika net in ûnbekend fenomeen. Dat seit Fries om utens Bianca Pander (34). Sy folge de Amerikaanske foarferkiezings yn New Hampshire de ôfrûne dagen op de foet. It foel har op hoe bot as de ferkiezings dêr libje en hoefolle frijwilligers der aktyf binne.
Wylst it tige kâld is, stean op alle hoeken minsken om te wizen op de kandidaat fan har foarkar. "Foar in politike junky sa as my is der neat moaiers", sa seit Pander. Sy is yn Amearika om dêr ynspiraasje op te dwaan foar it fieren fan kampanjes.
Sels ek frijwilliger
As direkteur en eigener fan it Amsterdamske buro BKB betinkt sy sels kampanjes foar de Ryksoerheid. Earder wie se sels frijwilliger yn it kamp fan John Kerry. Sûnt 2007 is se grut fan fan Hillary Clinton.
Dy hat tiisdeitejûn yn New Hampshire ferlern fan Bernie Sanders, mar neffens Pander seit dat noch neat. Ek yn july en oktober wol se wer nei Amearika, om by belangrike mominten yn de kampanje te wêzen.