Stipers famylje Singh oerlangje petysje oan boargemaster

Freonen, doarps- en klasgenoaten fan de famylje Singh yn Driezum hawwe woansdeitemoarn in petysje oanbean oan boargemaster Sicko Heldoorn fan Dantumadiel. Mem Rajnish en dochter Sachi Singh driigje útsetten te wurden. En dan ek noch elk nei in oar lân: mem nei Yndia en de dochter nei Suriname. Se wenje hast tsien jier yn Nederlân.
De aksjefierders wolle de útsetting foarkomme en hawwe dêrom hântekens en persoanlike brieven oerlange oan boargemaster Heldoorn. Hy sil dit nei Den Haach stjoere.