FNP Achtkarspelen hat soargen oer oanrydtiden plysje

© ANP
De FNP-fraksje yn de gemeente Achtkarspelen makket him soargen oer de oanrydtiden fan de plysje. Bûtenpost hat al jierren gjin selsstannich plysjeburo mear en binnen tsien jier moat ek it plysjeburo yn Burgum ticht. Dêrmei komt neffens de fraksje de feiligens op it plattelân yn gefaar.
De FNP wiist ûnder oaren op it gebrûk fan GHB op it plattelân. Dat probleem freget om in soad kapasiteit by de plysje. Dêrneist freget de komst fan flechtlingen ek in soad mankrêft fan de plysje en driget in strukturele ûnderbesetting op it plattelân.