"Resistinte baktearjes rukke op fanút Súd-Europa"

09 feb 2016 - 20:27

It is in kwestje fan tiid foardat wy hjir ek lêst krije fan resistinte baktearjes, dy't oprukke fanút it suden. Dat seit mikrobiologe Carola Waar fan it Ljouwerter laboratoarium Izore. Se neamt it in grut probleem, al falt it yn Nederlân noch wol wat ta.

Us lân hat de minste resistinte baktearjes fan hiel Europa. Yn omlizzende lannen, benammen yn it suden, is dat tal heger. En foaral yn it Middellânske Seegebiet binne in protte baktearjes dy't resistint binne foar antibioatika.

Tiisdei binne ministers fan Lânbou en Folkssûnens út hiel Europa by mekoar, om te praten oer it werombringen fan antibioatika. Dat moat soargje foar minder resistinte baktearjes. "Dêr kinne wy as lân allinne net in soad oan dwaan", seit frou Waar, "Dat moat yn oerienstimming mei alle lannen. En net allinne yn de soarch, mar ek by bisten."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)