Botsing op de N359 by Wommels; ien ferwûne

09 feb 2016 - 14:45

Op de N359 by Wommels binne tiisdeitemiddei trije auto's op mekoar botst. Hoe't it ûngelok barre koe is noch net dúdlik. Ien persoan rekke ferwûne en moast mei de ambulânse nei it sikehûs brocht wurde.

Op de krusing by Wommels gebeure wol faker ûngelokken. Der mei op dat plak 70 kilometer yn de oere riden wurde.

Trefwurden: 
botsing N359 Wommels
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)