UPDATE: Lichem fermiste man fûn

09 feb 2016 - 14:32

De plysje hat tiisdeitemiddei in lichem fûn yn it wetter tusken Nes en Pean. It giet nei alle gedachten om de man út Nes by Akkrum dy't sûnt earder tiisdei fermist waard.

De man hie in ôfspraak mar is dêr nea oankam. Buertbewenners seagen wol guod fan de man yn it wetter en skeakelen de plysje yn. Dy hat oan it sykjen west op it wetter by Nes en dêr in lichem fûn.

Neffens de plysje binne der gjin oanwizingen dat de man troch in misdriuw om it libben kaam is.

Trefwurden: 
fermiste man Nes Grou
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)