Fier Fryslân stipet kampanje tsjin loverboys

09 feb 2016 - 14:09

Helpferlieningsorganisaasje Fier Fryslân fynt it in goeie saak dat der in nije kampanje opset is om loverboys en minskehannel tsjin te gean. Meld Misdaad Anoniem is de kampanje tiisdei begûn. 

Help- en soarchferlieners wurde oanmoedige om melding te dwaan as der opfallende saken binne. Sa soe in dokter bygelyks anonym melding dwaan kinne as in slachtoffer faker mei deselde klachten binnen komt. Slachtoffers dogge faak sels gjin melding en dat is neffens Fier in grut probleem. 

Anonime meldingen kinne der foar soargje dat minskehannelers en loverboys better opspoard wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)