NAM iepenet nij regiokantoar yn Eanjum

09 feb 2016 - 11:31

Der komt definityf in nij regiokantoar fan de NAM yn Eanjum. De oaljemaatskippij hat hjir grien ljocht foar jûn. It kantoar wurdt boud yn 'e mande mei de nije multyfunksjonele akkommodaasje (MFA) yn it doarp. 

It nije kantoar is goed foar fyftich wurkplakken. Fan hjirút wurdt de gaswinning foar de lytse fjilden yn de noardlike regio koördinearre. De NAM wol mei it nije regiokantoar tagonkliker en sichtberder wurde en de wurkgelegenheid yn de regio stypje.

MFA yn nij ûnderkommen

Sjouke Faber, foarsitter MFA kommisje oer de gearwurking mei de NAM: "Trochdat de NAM in kantoar yn Eanjum fêstigje wol, hie it bestjoer fan de stichting MFA De Dobbe de mooglikheid om nij te bouwen, yn stee fan it âlde gebou op te knappen." 

De MFA sil in sintrumfunksje foar de regio ferfolle. Njonken de doarpshûsfunskje komme der yn it gebou in húsdokterspraktyk, berne-opfang, fysioterapy, soarchkantoar en in kapper.

Oplevering

Op 25 febrewaris moat de gemeenteried fan Dongeradiel noch akkoart gean mei de bestemmingsplanwiziging. De ferwachte oplevering fan beide gebouwen is yn it foarjier fan 2017. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)