Primeur útjouwerij Jongbloed mei earste frouljusbibel

© Screenshot royaljongbloed.nl
Utjouwer Royal Jongbloed fan It Hearrenfean komt mei in frouljusbibel. Hoe't de bibel der krekt út komt te sjen, wurdt tongersdei bekend. Dan wurdt in konsept fan de bibel presintearre.
De útjefte befettet de folsleine bibeltekst, mei dêryn kanttekeningen dy't it bibellêzen spesifyk foar froulju stimulearje kinne. De klam leit op de bibeltekst, mar wurdt oanfolle mei eftergrûnen, útlis en spiritualiteit.
Primeur
Jongbloed hat in primeur mei de frouljusbibel yn Nederlân. Yn oare lannen bestean al langer bibels spesjaal rjochte op froulju. Earder brocht de útjouwerij al in jongereinbibel op de merk.