Buorfamke mei bile bedrige

20 apr 2012 - 10:58

Yn Harns hat de plysje tongersdeitejûn in 49-jierrige man oanhâlden dy't mei in bile in buorfamke bedrige hie. It famke hie opmerkings makke oer de hûn fan de Harnzer.

Nei de melding hawwe plysjes nei de wente fan de man west. Hy wie net thús. Letter op de jûn kaam de man op it plysjeburo om himsels te melden. Hy is oanhâlden en ferheard.

Trefwurden: 
Harns bile
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)