Kampus Nee wol dat gemeente gebouwen fuorthellet

Aksjeferiening Campus Nee hat skjin syn nocht fan de gemeente De Fryske Marren. Dy ûndernimt noch altyd gjin aksje mei it fuortheljen fan yllegale gebouwen yn natuergebiet Kippenburg by Aldemardum. Dy gebouwen waarden dêr yn 2006 tydlik - foar in perioade fan fiif jier - delset as kampus foar bern mei gedrachsproblemen. De gebouwen binne eigendom fan Wyldemerk BV.
Yn in brief oan de gemeente skriuwt de aksjeferiening dat de gemeente no de tasizzings neikomme moat en de gebouwen fuorthelje moat.
De twangsommen dy't Wyldemerk BV oan de gemeente betelje moat, soene ek noch net ynbard wêze.
Wethâlder Frans Veltman lit witte dat de brief takom woansdei yn in ûnôfhinklike kommisje fan beswierskriften behannele wurdt. Hy wol dêrom foarútrinnend op de proseduere noch net reagearje.