Gasmaskers en evakuaasje, Harns skrikt fan rapport oer REC

08 feb 2016 - 20:11
  • Wethâlder Harry Boon wachtet earst de oanbefellings ôf foar ferbettering
  • Bynt oer it rapport oer de ôffaloven REC yn Harns
  • Harry Boon

De gemeente Harns is skrokken fan de konklúzjes fan miljeusaakkundige Johan Vollenbroek oer de ôffaloven by Harns. Vollenbroek stelt dat, as it wynstil is en de oven in steuring hat, personiel en omwenners evakuearre wurde moatte of in gasmasker op sette moatte. De delslach fan sâltsoer yn de omkriten fan de oven is dan sa grut dat der gefaar is foar permaninte longskea.

Wethâlder Harry Boon sjocht it gefaar, mar wachtet earst de oanbefellings ôf fan de begeliedingskommisje. Dy komt ynkoarten mei oanbefellings foar ferbettering.

Mocht der al in grutte steuring komme, dan sil de gemeente by de provinsje oantrune op tydlike sluting fan de ôffaloven oant de problemen oplost binne.

(advertinsje)