Koornbeurs moat kommersjeler

Teater De Koornbeurs yn Frjentsjer hellet noch te min ynkomsten út sponsoring, kommersjele aktiviteiten en gearwurking mei oare teaters yn Fryslân. Dat stiet yn in evaluaasje fan in plan om it teater finansjeel sterker te meitsjen.
Op in kommisjegearkomste fan Frjentsjerteradiel is tongersdeitejûn praat oer it finansjeel plan. Der is wol begrip by de gemeente foar de drege omstannichheden dêr't it teater yn wurkje moat troch de ekonomysk minne tiden.