Diplomearre frijwilligers helpe âlderein yn De Fryske Marren

08 feb 2016 - 15:19

Alderen yn De Fryske Marren dy't bygelyks thússoarch nedich hawwe, kinne tenei help krije fan in diplomearre frijwilliger om dat te regeljen. Sûnt 1 jannewaris ferline jier binne gemeenten ferantwurdlik foar hast alle help op it mêd fan soarch, wurk of ynkommen. In meiwurker fan in sosjaal wykteam komt by de âldere thús, om te besjen wat dy sels noch kin en wêr't echt help foar nedich is. Alderen hawwe rjocht op stipe by sa'n petear. As famylje of kunde net helpe kin, kin de diplomearre frijwilliger ynset wurde.

Njoggen frijwilligers hawwe in oplieding ta kliïntstiper folge om de ynwenners by te stean. Sy krije tiisdei it offisjele sertifikaat út hannen fan wethalder Janny Schouwerwou. Gemeente De Fryske Marren seit sels foarop te rinnen mei it inisjatyf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)