Bussemaker yn Makkum: Mear fakopliedingen nedich

08 feb 2016 - 14:05

Der moatte mear fakopliedingen yn Nederlân komme. Minister Jet Bussemaker fan ûnderwiis wol dat der minder les op skoalle jûn wurdt en folle mear op de wurkflier. Dat sei se moandeitemoarn by in besite oan De Vries Skipsbou yn Makkum.

Yn it bedriuwsopliedingssintrum wurdt gearwurke mei ROC Friese Poort. Learlingen binne alle dagen oan it wurk en krije op it wurkplak har lessen, lykas Nederlânsk en rekkenjen. De minister is entûsjast oer it inisjatyf en wol útsykje as soks ek op oare plakken ynfierd wurde kin.

Finansjele stipe

De Vries Skipsbou hat by it ministearje frege om in finansjele bydrage foar it bedriuwsopliedingssintrum. It bedriuw stelt de lof op priis, mar hat ek ferlet fan jild.

Minister Bussemaker is moandei de hiele dei yn Fryslân. Se hat ek op besite west op de fêstiging fan ROC Friese Poort yn Snits en se sil nei Keramykmuseum Princessehof, it Fries Museum en de bus fan FryskLab. Jûns iepenet se poppoadium Neushoorn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)